Skatten oan talinten
Talent is good – Practice is better- Passion is best
Frank Loyd Wright
Skatten oan talinten
Al in skofke brûk ik yn myn klas it spultsje “Schatgravers”. De namme op sich klinkt al hiel útdaagjend foar de measte bern. Op syk nei de skat. En dy skat, dyn skat, is tichterby as je faak tinke. Foar bern én folwoeksenen. Eltsenien sit fol mei skatten en talinten allinnich binne dy noch net altyd fûn.
Wat fyn ik it as juf en begelieder moai en wichtich om bern harren talint ûntdekke te litten en dernei ûntwikkelje te litten. Op de mominten dat se dwaande binne mei dát wat se goed kinne, gean de eagen blinken en sil harren selsfertrouwen fansels groeie en begjint it genietsjen.
Dêrom sil ik mei de bern yn myn praktyk talintgesprekken fiere en sil ik derneist mei harren op “Schateiland Expeditie” sa’t dat sa moai neamd wurdt. Op syk nei harren eigen skatten.
Ik hoopje eins ek dat yn it ûnderwiis de fokus aans noch mear komt te lizzen op de eigen talinten fan bern. Dat wy neist de kognitieve fakken as taal/ rekkenjen en bygelyks wrâld oriëntaasje wat mear tiid krije yn ús roaster foar persoanlike ûntwikkeling. Dat bern harren individueel ûntwikkelje kinne op dat mêd wêr’t se goed yn binne en wêr’t meastentiids dan ek harren interesse leit. En fansels dat bern ek meielkoar en fan elkoar leare. Want dêrmei kinst de bern sa’n moaie basis jaan fan selsynsicht, wa bin ik en wat kin ik.
Dermei krije de bern ek mear en faker it gefoel dat se grutsk wêze meie op harren sels. Faak wurdt der rjochte op selsfertrouwen en dat is fansels hiel goed en wichtich. Mar it begrip “zelfcompassie” is wat minder bekend mar seker net minder wichtich om oandacht oan te jaan. “Zelfcompassie”, begrip ha foar jesels yn alle sitewaasjes. Dus ek as it efkes net slagget dan mei je der fansels fan bale mar moatte je ek net te hurd wêze foar jesels. It mei der wêze om dernei wer mei in goed gefoel nei jesels of nei de sitewaasje te sjen en fierder te kinnen.
En wa’t nei dit stikje nijskjirrich wurden is, is fansels fan herte wolkom. Om in (frybliuwend/ ienmalich) in talintgesprek te fieren of mei op “Schatexpeditie” te tean. Net allinnich lytse mar ek grutte bern 🙂 en dit kin allinnich mar dit aans, as alle rigels rûn corona it wer ta litte, kin it ek tegearre mei immen of yn in groepke. Om sa meielkoar yn gesprek ek wer fan elkoar en oer jesels te learen.
Op syk nei dyn eigen skatten oan talinten.
Talinten wêrfan ast net iens wistest dat se bestiene, of wêrfan ast wistest datsto dat yn dy hiest. En ast dyn talint(en) dan fûn hast, hoe moai is it dan ast der dyn passy fan meitsje kinst oft dat no yn hobby of wurk is.