Februari 2021

Weer naar school. Dat alle vrije vogels in vroege vogels veranderen 

Loesje 

Wer nei skoalle

Begjin fan de moanne mochten dan einliks de bern fan de basisskoalle wer echt nei skoalle. Wat hearlik foar de bern, wer “gewoan” nei skoalle. No ja noch net hielendal gewoan, want elts moast yn de saneamde “bubbel”. Oftewol noch net te folle yn kontakt mei oare groepen.

Dat betsjut dat jammergenôch de plusklas fan my noch net begjinne mei. Begripelik en tagelyk wol echt hiel jammer dat se elkoar net moetsje kinne. Want júst dat is foar alle bern en dus ek dizze heech-/mearbegaafde bern sa wichtich, mei elkoar prate kinne én elkoar ferstean. Net frjemd oansjoen wurde op de wurden en sinnen dy’t je brûke of de belevingswrâld weryn je sitte en dat diele te kinnen meielkoar. Lokkich hawwe wy dat dizze moanne oplosse kinnen troch meielkoar yn teams online te “associëren”,  kreatief te tinken en it meielkoar der oer te hawwen hoe’t elts dizze tiid belibbet. En dan mar wachtsje op it momint dat we wer echt de romte krije… net mear lavearje, en net mear tinke dat bern in achterstân ha. Want bern binne presys goed sa’t se binne, altyd en oeral. It is oan ús om se te begelieden, om  yn it goeie faarwetter te bringen

Ik hoopje dat de tiid gau komt dat lytse bern harren âlders net mei mûlekapkes yn de winkel en op skoalle sjogge. Ik hoopje dat bern aans gau wer echt trochelkoar en meielkoar boartsje meie.

Én ik hoopje dat de jeugd hiel gau wer nei it VO/MBO en HBO mei. Want de gefolgen foar dizze bern wurde neffens my, foaral sociaal sjoen, swier ûnderskatten. Se misse elkoar se wolle nije minsken moetsje, yn nij faarwetter komme ensafuorthinne…

Dêrneist hoopje ik dat wy as folwoeksenen wer tichterby elkoar komme meie yn alle opsichten. En net tsjinoerelkoar stean mei alle mieningen dy’t der binne want dit stikje hjirboppe is net bedoeld as kritiek op wa dan ek. Ik begryp goed dat de sitewaasje om foarsichtichheid freget.  Kritiek is sa gau jûn oan elkoar, mar ek oan ússels. (al is dat wer in oar ûnderwerp weroer’t ynkoarten ek noch ris skriuwe sil)