Lesjaan en mear
There is always light, if only we are brave enough to see it, if only we are brave enough to be it.
Amanda Gorman
Lesjaan en mear
Al hiel lang rûn ik mei it idee om dat ik bern mear helpe woe dan dat ik no doch en kin. Ik stean no sa’n 18 jier foar de klas en dat doch ik noch altyd mei in hiel soad nocht en wille, ik tink ek seker dat ik it ûnderwiis net ferlitte sil omdat ik no dizze spannende stap set nei myn eigen praktyk.
Lesjaan, leuke dingen betinke foar en mei de bern yn myn klas bliuwt it leukste wat der is. Ek no yn Lockdown tiid is it lestich mar meitsjje der dochs wer it beste fan. Je bliuwe as ûnderwizer altyd tinken yn moochlikheden…wat kin wol. Juster sei ik noch tsjin myn kollega, dat wy dochs mar in geweldige baan hiene, dat je elke dei/ wike wer nije moaie lessen (of sels eigen projekten foar de plusklas) betinke meie om oan de bern te jaan!
Ik ha ôfrûne jierren murken dat der mooglikheden genôch binne as je sels ek mar flexibel binne en meibewege. Ôfstemme op de sitewaasje en fansels ôfstemme op de bern. Juster stie ik wer foar de klas. No ja net foar de klas, ik mocht twa kear op de dei sa’n heal oere lesjaan oan “myn” groep 8. Foarôf betinke je dan wat je yn sa’n heal oere dwaan kinne… en dat is best lestich. Wat ik foaral it allerlestichst fyn yn dit ferhaal is dat ik alle bern net yn de eagen sjen kin, net de dei begjinne kin mei in pracht kringgesprek sa as ik alle dagen doch. Goed sjen kinne nei hoe’t de bern yn de kring sitte en lústerje nei wat se fertelle. Wy hiene dizze kear in les oer omtrek en opperflakte, je hawwe it oer de sommen, freegje wa’t it lestich fynt en wa’t miskien nei dizze groepsles noch apart yn teams ynstruksje ha wol. En oan it ein in Kahoot quiz om nei te gean of te measten it snappe en fansels ek omdat elts deroan altyd hiel fanatyk meidocht. En sa dogge je je bêst om oan de leardoelen temjitte te kommen de bern rekkenjen/ taal/ spelling mar ek wrâldoarientaasje te learen op in manier dy’t sa oars is as elts went is.
En dan… dan bliuwe minsken mar praten oer efterstannen… ik merk dat ik it wurd hast net mear hearre kin. Efterstân?? Kom, efterstân op wa, en hoe dan? Elk bern docht syn bêst en mear as dat kin hy of sy net dwaan, binnen alle kânsen dy’t hy of sy hat. Lyk as dat eltse juf/ meester syn bêst docht foar de bern yn syn klas.
Je noegje (kwetsbere) bern út yn de klas sadat je se ekstra helpe kinne. Of sa as juster en ferline wike, soms komme der ek bern út harren sels, en hoe sille je dy keare. Wat is it moai dat bern dy romte fiele, dat it kin en dat wy der dan as juf/ meester binne om harren te helpen bij harren wurk. Of om harren efkes romte te jaan om wat dan ek te fertellen.
It moaie is, ik lear ek eltse dei by, lyk as ferline wike, ik joech in learling efkes ekstra ynstruksje en wylst ik dat die krige ik in berjochtsje yn teams, in oare learling rûn tsjin itselde probleem oan, ik sei dit tsjin de learling en hy reagearde der gelyk op. “Oh dan moat juf efkes op dy en dy knop drukke” … en voila!! Oh sa moai! Sa koe ik harren beide yn teams ekstra ynstruksje jaan, en derby fansels werom koppelje dat ik hiel bliid wie mei wat er my no krekt leard hie.
En sa kom ik sels yn dizze Lockdown oan it ein fan wurkdei wurch en dochs ek fol enerzjy én foldien thús fan myn wurk en hoopje ik aans thús krekt sa bliid te wurden fan de begelieding dy’t ik jaan mei oan bern dy’t efkes fêstrinne, op skoalle, thús of op oar mêd.
Ik sjoch der nei út!